Rixt van der Horst prolongearret wrâldkampioenskip paradressuer

19 sep 2018 - 18:51

Amazône Rixt van der Horst fan Grou is woansdei wrâldkampioen wurden op it WK dressuer. Yn it Amerikaanske Tryon wie de Fryske paradressuerrydster de bêste mei har yndividuele proef. Der wiene yn totaal santjin amazônes yn deselde kategory.

Fjouwer jier lyn pakte Van der Horst ek al twa wrâldtitels op de ûnderdielen yndividuele proef en de kür. Letter dizze wike docht Rixt van der Horst ek noch mei oan de kür en de lannewedstriid. Dêr kin it Nederlânske team in plakje feilich stelle foar de Olympyske Spelen fan 2020.

Rixt van der Horst

Foto: Robin Ammerlaan
(advertinsje)