Bobslider Dennis Veenker op syk nei sponsors

19 sep 2018 - 17:43

De hiele wrâld oer om fan je hobby je wurk te meitsjen. Topsport is de dream fan in soad jonge jonkjes en famkes dy't sporte. Mar hoe komme je eins sûnder jild op de Olympyske Spelen telâne? Dennis Veenker fan Damwâld is sa'n topsporter. Hy is bobslider.

Sportbûn NOC*NSF hat nei de Olympyske Spelen fan 2014 de jildkraan foar it bobslydzjen tichtdraaid. In team moat saken lykas training, reiskosten en materiaal tenei sels betelje. Pas in heal jier foar de Olympyske Spelen fan Pyeongchang fine de bobsliders in nije sponsor.

Se krije in nije bob, en der wurdt alles op alles set om pleatsing foar de Spelen ôf te twingen. Dat slagget net. Op dat momint heakket ek de sponsor wer ôf en moatte Veenker en syn maten sels de beurs wer lûke.

Trefwurden: 
bobslydzje Dennis Veenker
(advertinsje)
(advertinsje)