Mageferlytsingen flink yn opmars: pasjinten falle in fjirde fan lichemsgewicht ôf

19 sep 2018 - 16:48

Mageferlytsingen wurde yn ús lân hieltyd populêrder. By it MCL yn Ljouwert waarden dit jier al 13 persint mear operaasjes útfierd as yn 2017. Lanlik waarden yn tsien jier tiid leafst trije kear safolle mageferlytsingen útfierd. Sa krigen yn 2007 3.500 minsken der ien, dit jier binne dat al hast 12.000.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foar in soad minsken dy't harsels te grou fine, wurdt it blykber hieltyd normaler om har libben mei sa'n operaasje wer op 'e rit te krijen. En it tal minsken mei oergewicht nimt ta. Op dit stuit binne der yn Nederlân 100.000 minsken mei morbide obesitas. It Centrum voor Obesitas Noord-Nederland yn it MCL yn Ljouwert fernimt dy ûntwikkeling ek. Waarden it ôfrûne jier 750 mageferlytsingsyngrepen útfierd, foar dit jier stiet de teller al op 850 operaasjes. Neffens ferwachting sil de taname him takom jier trochsette ta in lytse tûzen mageferlytsingen. By in mageferlytsing wurdt it folume fan de mage werombrocht ta it formaat fan in kiwy.

Foto: ANP

In grut diel falt 20 oant 25 prosint fan it totale lichemsgewicht ôf.

Marloes Emous, sjirurch

In operaasje is faak it lêste rêdmiddel foar minsken dy't te grou binne. Dat fertelt Marloes Emous, sjirurch by it Centrum voor Obesitas Noord-Nederland. In grut diel falt 20 oant 25 prosint fan it totale lichemsgewicht ôf. Nei de operaasje is de kâns op sûkersykte lytser en minsken libje langer.

By de operaasje wurdt de mage lytser makke en de pasjint kriget in omlieding yn it termstelsel sadat it iten minder de kâns kriget om opnaam te wurden yn de termen. Fierders hawwe pasjinten minder hongergefoel en sa krije se de kâns om te feroarjen fan ytpatroan.

Om foar sa'n mageferlytsing yn oanmerking te kommen, moatte pasjinten wol oan kritearia foldwaan dy't ynternasjonaal fêststeld binne. Se moatte langer as fiif jier slim oergewicht hawwe, it gewicht moat heech genôch wêze en der moat grutte kâns wêze op syktes lykas sûkerksykte.

De grutte taname oan mageferlytsingen yn it MCL komt mei om't it sikehûs yn Ljouwert ek in soad pasjinten út Grinslân de kop fan Drinte helpt. En minsken dy't holpen binne, fertelle dat wer oan oaren en sa wurdt it hieltyd bekender. Om de grutte taname oan pasjinten oan te kinnen moat it de operaasjekwotum omheech, en ek yn de polyklinyk moat der útwreiding komme.

Harkje nei Marloes Emous

Trefwurden: 
MCL maachferlytsing
(advertinsje)