Wint Glennis Grace America's Got Talent?

19 sep 2018 - 16:03

Tongersdeitemoarn sille wy it witte: is sjongeres Glennis Grace der yn slagge om de talinteshow America's Got Talent te winnen? Tiisdei stie se yn de earste finale en song se de stjerren fan de himel. "Mar Amerikanen binne in apart folkje", wit Amearika-saakkundige Wouter Jongstra. "Dy binne hiel fetber foar emoasje."

Foto: ANP Foto

Mocht Glennis Grace de talinteshow winne, dan giet se nei hûs mei in platekontrakt, in show yn Las Vegas en 1 miljoen dollar. Wouter Jongstra skat har kâns op de winst net hiel heech yn. "Elkenien kin winne fansels, mar ik tink dat Amearikanen úteinlik kieze foar it 14-jierrige talint Courtney Hadwin. Dan kieze se op basis fan emoasjes. Dêr binne se hiel fetber foar."

Yn Hollân ha wy Glennis in bytsje sitte litten. Wy ha noait echt fan har hâlden.

Amearika-saakkundige Wouter Jongstra

Hiel Nederlân libbet mei mei Glennis. "Nuver", fynt Jongstra. "Yn Hollân ha wy har in bytsje sitte litten. Wy ha noait echt fan har hâlden. Mar no't se bekend wurdt yn Amearika fynt Nederlân dat wy der ek by belutsen wurde moatte. Dat fielt wat dûbeld."

Jongstra set syn jild op de 14-jierrige Hadwin, mar slút winst foar Glennis seker net út. "Ik ha gjin glêzen bol en ik wit ek net alles."

Wouter Jongstra oer de kansen fan Glennis Grace

(advertinsje)