Gordyksters dogge mei oan Postcode Loterij Miljoenenjacht

19 sep 2018 - 15:12

Wa dreamt der net fan? Meidwaan oan it tv-programma Postcode Loterij Miljoenenjacht en mei sa'n prachtich gouden kofferke wer nei hûs ta. Fyftich ynwenners fan De Gordyk meitsje no freed kâns om miljonêr te wurden. Tineke Jasper en Gretha Posthumus binne twa fan dy geloksfûgels. Se binne no al senuweftich: "Wat foar klean moatte wy oan?"

Foto: ANP Foto

De ôfrûne dagen foel by ynwenners fan De Gordyk in útnûging fan de Postcode Loterij Miljoenenjacht op de matte. Mei in aktivearingskoade koene de ynwenners sjen oft se ien fan de fyftich gelokkigen wiene dy't freed nei de studio komme meie. Gretha en Tineke hiene beide gelok. Tafalligerwiis binne beide froulju ek noch kollega's; se wurkje by Rinsma Fashion.

Tineke: "Ik tocht dat ik tegearre mei Gretha útkeazen wie, mar wy komme der no efter dat der folle mear minsken út De Gordyk nei de studio sille." It fak mei fyftich stuollen sit hielendal fol mei minsken út De Gordyk. It belooft dan ek in gesellige dei te wurden. "Wy meitsje der in leuk uitje fan en ik hoopje úteinlik mei dy wite BMW werom nei hûs te gean."

Elkenien mei ien gast meinimme. Gretha nimt har suske mei nei de studio. "Sy is hiel tûk yn dy riedsels. En as ik win, ha ik de kollega's op it wurk tasein dat ik elkenien traktearje sil op slachrjemmesoeskes. Der wurkje mear as hûndert minsken by Rinsma, mar dat kin der dan wol fan ôf", laket se.

Wy moatte gjin houlikskrisis krije troch dit programma.

Tineke Jasper, dielnimmer oan de Miljoenenjacht

Spanning

Beide froulju binne no al senuweftich foar freed. As meiwurkers fan Rinsma Fashion spûket harren fansels ien wichtige fraach troch de holle: wat foar klean moatte se oan? Oer de fraach wat se dwaan sille as se ien kear by de desk fan Linda de Mol stean, ha beide froulju ek al neitocht.

Tineke: "Myn man spilet mei as wy útkeazen wurde. Wy ha al ôfspraken makke oer it bedrach en wannear't er op de knop drukke moat. Wy moatte gjin houlikskrisis krije troch dit programma."

Gretha: "Ik bliuw nofter. As ik wat leuks win, dan win ik wat leuks. Giest mei neat hinne, dus alles is winst. Mar ik wol net alles fergokke om foar it heechst helbere te gean."

Gretha en Tineke gean nei de Postcodeloterij Miljoenenjacht

De opnames foar de Postcodeloterij Miljoenenjacht binne freed. Sneintejûn is it programma op telefyzje te sjen.

(advertinsje)