Museum Heerenveen iepenet 'Richting 100 jaar Abe Lenstra'

19 sep 2018 - 13:54

Yn oanrin fan it jubileumjier 2020 organisearret Museum Heerenveen acht tentoanstellingen oer Abe Lenstra. De basis fan de tentoanstelling is de krekt ferskynde skuorkalinder. De tentoanstelling is woansdeitemiddei iepene troch boargemaster Tjeerd van der Zwan en Riemer van der Velde.

Nei in pear treppen komme je by de tentoanstelling dy't op de souder fan it museum te besjen is. It is it earste diel fan de acht tentoanstellingen oer Lenstra. Oan de iene muorre hingje kalinderfellen út de skuorkalinder. Oan 'e oare kant fitrines mei foto's, boekjes, mar ek skuon, redens en it wurk fan Jopie Huisman.

Direkteur en konservator fan Museum Heerenveen, Linda Palil-Trip, is wiis mei de tentoanstelling. Sels fynt se de foto fan Abe Lenstra oan it fiskjen hiel moai. "Abe Lenstra was een alleskunner. Hij was niet alleen een groot voetballer, maar hij kon schaatsen, dammen, biljarten en hij kon ook verdienstelijk vissen. Op de kalender is het 23 en 24 februari, in het weekend, en als we naar de overkant kijken in de vitrine, daar is de originele foto te zien", fertelt Palil-Trip.

Tentoanstelling Abe Lenstra - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Palil-Trip fynt dat minsken absolút nei de tentoanstelling komme moate. "Er is zoveel, er zijn zoveel verhalen, maar waar ik zelf heel trots op ben is dat we het schilderij hebben dat Jopie Huisman van de voetbalschoenen heeft gemaakt", fertelt se.

Net allinnich it materiaal wat der al fan Lenstra sammele is, is wichtich, ek de ferhalen fan de minsken thús binne dat. "We roepen de mensen op hun ervaringen met Abe op te schrijven", fertelt Palil-Trip.

Op 'e souder lizze briefkes wêrop't je je mominten mei Abe opskriuwe kinne. Miskien in moeting of in bysûnder momint dêr't je by wiene. Fan al dy ûnderfiningen wurdt yn 2020 in tentoanstelling makke.

Kalinderfellen Abe Lenstra - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Linda Palil-Trip oer de Abe Lenstra tentoanstelling

Oer de tentoanstelling

In skriele jonge mei in opfallende kúf: Abe Lenstra (1920-1985), is sûnder mis de bekendste en bêste fuotballer dy't Hearrenfean ea hân hat. Lenstra wie yn de jierren fjirtich en fyftich de arsjitekt fan it grutte kampioensalvetal fan Hearrenfean en fan Oranje.

De basis fan de tentoanstelling is de krekt ferskynde skuorkalinder (2019/2020). Om de trije moannen binne de nije kalinderfellen yn it museum te besjen, oanfolle mei persoanlike objekten fan Abe Lenstra dy't de kalinderfellen ta libben bringe.

(advertinsje)