Tongersdei minder post troch staking PostNL

19 sep 2018 - 13:42

Der sil tongersdei minder post besoarge wurde om't de meiwurkers fan PostNL foar 24 oeren it wurk dellizze. De postbesoargers, postboades en tarieders binne it net iens mei de ynfiering fan in saneamde kombybundel. Dit is in maatregel wêrby't postbesoargers sels harren post sortearje moatte. Roukaarten en medyske post wurdt wol besoarge.

Post - Foto: Shutterstock.com

De kearnplakken fan de staking binne Den Bosch, Amsterdam en Arnhem, mar de ferwachting is dat der yn it hiele lân staakt wurde sil.

Yn de ôfrûne tiid wiene der al mear koarte stakingen by sortearsintra fan PostNL. Meiwurkers binne benaud dat de ynfiering fan de kombybundel hûnderten banen kostje sil. Dêrnjonken stekt it de postmeiwurkers dat it bedriuw de fernijing trochfiere wol sûnder oerlis mei de bûnen.

"Dit pikken we niet"

Ger Deleij fan fakbûn FNV leit út wêrom't postrinners it wurk dellizze. "Postbezorgers moeten op straat post sorteren. Dat moet met een postvest, maar dat is dermate slecht voor de gezondheid en veiligheid dat postbezorgers zeggen: Dit pikken we niet."

Neffens Deleij is de aksjereewilligens grut yn Fryslân. "Ik krijg heel veel mailtjes van mensen uit Friesland die zich aanmelden. Ze kunnen schriftelijk een stakingsformulier indienen. Ik kan niet zegen welke wijken geen post krijgen morgen, maar er zullen zeker mensen zijn die de post 24 uur later krijgen."

Deleij hopet dat de staking fertuten dwaan sil. "PostNL is heel gevoelig voor publiciteit. En als ze niet luisteren gaan we ons beraden op vervolgstappen."

Ger Deleij fan fakbûn FNV oer de poststaking

Trefwurden: 
FNV staking PostNL aksje
(advertinsje)
(advertinsje)