Fertelplaat moat meartaligens yn basisûnderwiis stimulearje

19 sep 2018 - 12:57

It is en bliuwt by in soad âlden in punt fan diskusje: mei watfoar taal kinne je bern no it bêste grutbringe? Provinsje Fryslân wol meartaligens stimulearje. Dêrom krigen alle basisskoalbern yn Fryslân woansdeitemoarn in kado: in fertelplaat. It is in kado fan de Fryske biblioteken, ûntwikkele mei Lân fan taal en Bibliotheekservice Fryslân. Deputearre Sietske Poepjes is entûsjast: "Bern kinne sa boartsjendewei mear leare oer oare talen."

Dêr't taal eartiids benammen gong om stavering en grammatika is der tsjintwurdich hieltyd mear omtinken foar oare saken op it mêd fan taal. Bern komme boartsjendewei yn de kunde mei oare talen njonken it Frysk en it Hollânsk. Dy nije wize fan de lesstof oerbringe past better by it úteinlike doel, fynt deputearre Poepjes: "Bern ha fan natuere in protte ynteresse yn taal, ferhaaltsjes en fantasij. Mei de fertelplaat komme al dizze saken byelkoar."

Ast dyn iPhone efkes oan de kant leist, dan belûkst de bern as lytse mûskes wer by de klassike ferhalen.

Deputearre Sietske Poepjes

Mei de fertelplaat wol de provinsje meartaligens stimulearje en de ûntlêzing tsjingean. Dochs fynt deputearre Poepjes dat wy dêr net al te krampeftich oer dwaan moatte. "Wy moatte net al te tryst dwaan oer ûntlêzing. Ast dyn iPhone efkes oan de kant leist, dan belûkst de bern as lytse mûskes wer by de klassike ferhalen."

Op de fertelplaat is njonken it Hollânsk en it Frysk ek omtinken foar bûtenlânske talen, braille en gebeartetaal. Al dy kennis sil him yn de takomst werombetelje. Wa't him yn it bûtenlân goed rêde kin, sil dêr letter foardiel fan hawwe, ferwachtet Poepjes. "Dit is hiel goed foar ús ekonomyske posysje."

Sietske Poepjes oer de fertelplaat

(advertinsje)
(advertinsje)