Nasjonaal Grafykplatfoarm VOG fiert jubileum yn Ljouwert

19 sep 2018 - 12:01

It lanlik platfoarm foar Grafyske Keunstners bestiet 25 jier en hâldt syn jubileumeksposysje yn de Zaailand-Galerie yn Ljouwert. Foar it 25-­jierrich jubileum fan 'Bijzondere Grafiek van Grafiek­platform VOG' wurkje Fryske dichters gear mei grafyske keunstners.

Acht keunstners binne keppele oan acht Fryske dichters. Pieteke de Boer, Janna van der Meer, Lida Dijkstra, Henk Nijp, Beart Oosterhaven, Marije Roorda, Remco Kuiper en Paul van Dijk ha gedichten makke en dêr ha de grafyske keunstners in totaalbyld fan makke. De keunstners binne Agnes van Genderen, Aldrik Salverda, Cecile Bank, Cees Smit, Hilda Boer, Jan van Dijk, Lies Verdenius en Mirka Farabegoli.

Grafykplatfoarm VOG is in lanlike feriening fan grafyske keunstners, grafykwurkplakken, musea, galeryen, útjouwerijen en samlers. De feriening is in platfoarm, moetingspunt en briedplak dêr't ideeën en nije inisjativen foar hjoeddeiske grafyske keunst ûntstean.

Under de namme VOG (Vereniging voor Originele Grafiek) is it platfoarm al sûnt 1993 bekend. Fan 2011 ôf wurdt de namme Grafiekplatform VOG brûkt.

It wurk fan Mirka Farabegoli en Paul van Dijk - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Mirka Farabegoli is de iennige Fryske dielnimmer ûnder de grafyske keunstners. Tegearre mei dichter Paul van Dijk út Warkum makke se in print. Alle acht printen ferskine yn in boks, mar se binne ek los te keap. Tresoar wurket dêrby gear mei Grafiekplatform VOG en sy ha Drukkerij KNUST út Nijmegen en it Grafisch Atelier Fryslân útnûge.

By de útstalling binne demonstraasjes fan Risoprint-printsjen yn gearwurking mei Drukkerij KNUST. Minsken kinne ek harren eigen print ynleverje en drukke litte mei de Risoprinter. Dit is in printer dy't wurket neffens deselde prinsipes as seefdruk, mar folle flugger en goedkeaper drukke kin.

Jubileumboks Schemerzone en Luchtkastelen - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Neist it jubileumprojekt wurde der wurken fan 60 grafyske keunstners tentoansteld fan bygelyks Cecile Bank, Hilda Boer, Herman Deenen en Carole Witteveen. It tema is Schemerzone en Luchtkastelen in dialoog met Escher. De eksposysje is fan 14 septimber oant en mei 30 septimber yn winkelsintrum Saailân op de earste ferdjipping.

(advertinsje)
(advertinsje)