Brêge Boalsert nei steuring wer iepen

19 sep 2018 - 11:30

By Boalsert hat woansdeitemoarn in kilometerslange file west foar de brêge yn de A7. Ferkear dat fan Snits nei de Ofslútdyk woe, koe der net lâns.

Der wie in steuring mei de slachbomen. Rykswettersteat stelde in omliedingsrûte yn, want pas nei in healoere koe in monteur de steuring oplosse. Wat der krekt misgong, wurdt noch fierder ûndersocht.

De Kruiswaterbrug by Boalsert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
Boalsert A7 brêge
(advertinsje)