Rixt van der Horst begjint woansdei oan har WK dressuer
Amazône Rixt van der Horst fan Grou begjint woansdei oan har WK dressuer yn it Amerikaanske Tryon. Middeis om healwei seizen Nederlânske tiid komt de paradressuerrydster foar it earst yn de ring foar har yndividuele proef.
Fjouwer jier lyn pakte Van der Horst twa wrâldtitels op de ûnderdielen yndividuele proef en de kür. De ferwachtingen binne no wer heech ek al rydt Van der Horst op in oar hynder as doe. Mei Uniek helle se doe har wrâldtitels. No rydt se op Findsley.
Letter dizze wike docht Rixt van der Horst ek noch mei oan de kür en de lannewedstriid. Dêr kin it Nederlânske team in plakje feilich stelle foar de Olympyske Spelen fan 2020.