Mear kraanfûgelpearkes yn Fryslân

Der hawwe dit jier in rekôrtal kraanfûgelpearkes bret yn Nederlân. Neffens de Fûgelbeskerming wiene der 32 briedpearkes en dat binne der tsien mear as it jier dêrfoar. De measte pearkes binne werom te finen yn Fryslân en Drinte.
Mear kraanfûgelpearkes yn Fryslân
Ungefear 25 as 26 pearkes hawwe yndie aaien lein, tolve dêrfan krigen pykjes. Fan de tweintich piken binne der úteinlik sân útflein. As je dat tsjinoer it tal briedpearen sette, is dat neffens de Fûgelbeskerming in teloarstellend oantal. Troch de drûchte wie der net al te folle fretten foar de fûgels en wiene nêst- en sliepplakken makliker berikber foar rôfbisten.