Soil Food Wike: "We sille oars mei ús grûn omgean moatte"

19 sep 2018 - 09:40

We moatte oars mei de boaiem omgean, oars komt it net goed. Dat is it boadskip fan de Soil Food Wike yn Fryslân. Der binne yn oktober ferskate aktiviteiten dy't minsken wize op it belang fan de boaiem. Neffens de organisaasje wurdt it tiid om yn te sjen dat we de boaiem foar de takomst koesterje moatte. It is de basis fan ús iten. Sa moat it út wêze mei gemyske bestridingsmiddels.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens Theo Mulder is der mear omtinken nedich foar de grûn dêr't we op libje. Minsken hawwe in soad tafoege oan de boaiem. Eins is de boaiem 'lui' wurden en produsearret it kwealik noch mikrobiologyske stoffen. De útdaging is om de boaiem wer oan it wurk te setten.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn petear mei Theo Mulder

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De Soil Food Wike is fan 10 oant en mei 13 oktober yn Ljouwert, Drachten en Easterwâlde. Troch de grêften fan Ljouwert sil in Frysk hynder farre fan fiif meter heech. It hynder sil wârskôgje foar de gefaren fan plestik swalkôffal. De wike wurdt ôfsletten mei in festival yn De Lawei yn Drachten.

Neffens Marlise Vroom fan de organisaasje is sa'n aksjewike hurd nedich om minsken neitinke te litten oer de takomst fan de ierde en de grûn. "Het kan nu nog, het is nog niet te laat. Maar het moet nu wel gebeuren, het is tijd om anders met onze bodem om te gaan."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei Marlise Vroom

Trefwurden: 
Soil Food Wike sûne grûn
(advertinsje)
(advertinsje)