Kollum: "Doarpsfrysk"

19 sep 2018 - 07:55

"Yn de simmer joegen de sis mar te djippe Friezen har del. Doe wiene hjir nammentlik Dútsers dy't schnaps ha wolle. Japanners dy't freegje werom as dy lju dy't yn it mortuarium yn Weidum lizze, net stean gean. Belgen dy't daliks de lieding krije fan ús kultuer. Frânsen dy't sjogge as hjir ek genôch jild is om hjir in kear de Tour de France te begjinnen. Hollanners dy't besykje alve stêden lâns te swimmen.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Reuzen dy't grommelje dat se elke dei sa'n ein troch Ljouwert rinne moatte. Hynders dy't ek al Frânsk grinzgje. Fonteinen dy't de hiele drûge simmer wetter spuien bleaune. Amerikanen dy't it sa moai fine dat Dan Brown Fryslân makke hat. En sekken fol Europeanen en Aziaten dy't hjir troch Lonely Planet hinne stjoerd binne en hieltyd yn har eigen taal freegje werom as dat is, want by harren is it dochs like moai.

Yn sa'n simmer komt de ivige striid foar de Fryske taal wat yn de knel. We hiene hjir wol Lân fan taal, in projekt yn it ramt fan Kulturele Haadstêd, mar dat woe net sa bot. Se freegje no as ien dy tinte út de Prinsetún ek ha wol. Deryn skine je moai mei taal boartsje te kinnen, om te bewizen dat wy de minsken te wurd stean kinne yn it Hollânsk, Flaamsk, Frânsk, Ingelsk, Dútsk, Kroätysk, Syrysk en Sineesk. We hienen it Frysk net oan tiid.

Dat begjint no wer. DjipFriezen, nee TaalFriezen, nee OeroerdreauneTaalenEigenfoechfobyearde Friezen komme wer ûnder de strânstuollen wei en begjinne der wer yn om te haffeljen. Frysk blinders! Dat sels Rimmer Mulder, de âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, him der foar liende om der ek yn om te haffeljen. Hy wie sa provosearjend relativearjend dat se gâns pagina's yn de Ljouwerter nedich ha om der tsjin yn te gean. Hoe begjinne je in oarloch.

Elkenien docht der daliks ek wer oan mei. Sels Ljouwert, dêr't je nea in Frysk wurd hearre, praat moarn oer in Fryske nota taalbefoardering. Mar de Ried fan de Fryske beweging fynt it daliks al wer neat. Witte jim wêrom net? No de telefoan wurdt yn Ljouwert net yn it Frysk opnommen. Nee, fansels net. As der in grut bedriuw meldt dat se har dêr festigje wolle, lit dan net ien of oar yn it Hollânsk opfieden famke Ljouwert mompelje. Dan bellet dy ûndernimmer wol mei It Hearrenfean of Drachten, dat ferstean je twatalich.

Mar witte jim dat Ljouwert dy nota makke hat om't in part fan Littenseradiel der by kaam is en dêr is 75 persint fan it folk Frysktalich. Ik soe meartalich sizze, mar toe dan mar. Se ha wol gelyk, yn de doarpen wurdt Frysk praten. Al moat je dat ek wer net oerdriuwe: we ha It Bilt, de Stellingwerven, de eilannen, Harns, Hylpen ensafuorthinne. Ek Jannewietske sil noch hiel wat dwaan moatte oan dat frjemde Snitser gebrabbel.

De doarpen. Dy sitte yn need. De doarpenota's hjitte tsjintwurdich al "krimp en leefberens". De provinsje Fryslân wol nij doarpebelied meitsje. Dêr sille nije wike de Steaten oer gear. It is ek wol moai dat Doarpswurk, dat aanst gjin subsydzje mear krijt, no pleitet foar in algemiene organisaasje dy't ûngefear itselde wurk docht as Doarpswurk no. Dat tsjut oan dat de diskusjes gelyk bliuwe. De skoallen ha we ferlern. We wolle dat it doarpshûs bliuwt. En deryn moat we hieltyd wer diskusjearje oer krimp en leefberens. Dus goed dat der níj doarpebelied komt.

Rimmer Mulder seit oan de oare kant dat taalbelied fan de provinsje ûnsin is. De Friezen sels binne ferantwurdlik foar it yn stân hâlden fan it Frysk. Der hoecht in provinsje de minsken net yn te stjoeren, dat keart de lju fan it Frysk ôf. Willem Verf anderet dat taalbelied nedich is. Hy is lykwols noch net sa dwers as dy hiele Djipdjipfriezen, dy't wolle dat alle minsken dy't hjir wenje yntegreard wurde moatte yn it Frysk. En oars wol opsoademiterje kinne.

It is folle simpeler. Taal hâldt automatysk stân yn de doarpen. Dat jild ek foar it Frysk. Dus we ha yndied net in nota taalbelied nedich. We ha in nota doarpebelied nedich. Goed passend yn Fryslân. Dan mei om my de Fryske flagge wol efkes út."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)