Soarch oer ûnfeiligens Damwâldster krúspunt bliuwt nei oanpassing

18 sep 2018 - 22:59

Gemeentebelangen Dantumadiel makket him noch hieltyd soargen oer de ferkearsfeiligens op de nije krusing fan de Haadwei en de Conradi Feanlânstrjitte by Damwâld. De stielen hoekmarkearringen op de krusing, dy't foar gefaarlike situaasjes soargen, binne tiisdei ferpleatst. Gemeentebelangen sjocht it ferpleatsen as in tydlike maatregel en wol graach oanfoljende maatregels op de Haadwei om de feiligens te fergrutsjen.

Frachtwein hat muoite om de bocht te meitsjen - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Nei't de markearringen op de nije krusing pleatst wiene, kamen der in soad klachten binnen by de gemeente. Benammen frachtweinen en bussen hiene it dreech om de bocht te nimmen. Se moasten meardere kearen op en del ride om draaie te kinnen. Sa ûntstiene der gefaarlike situaasjes en dat wylst de objekten just delset wiene foar de feiligens fan skoalbern.

De gemeente hat tsjin Gemeentebelangen Dantumadiel sein, dat der neitocht wurdt oer oare maatregels.

(advertinsje)