Accolade wol sloop yn Drachten trochsette: "Der komme bettere huzen foar werom"

As bewenners fan de Geelgorsstrjitte en de Noarderdwersfeart yn Drachten tsjin nijbou stimme, hoege se foarearst net te rekkenjen op it opknappen fan har besteande hierwenten. Dat waard tiisdeitejûn dúdlik op in gearkomste fan wenningkorporaasje Accolade. "We wolle graach de 34 huzen slope en dêr komt in better hûs foar werom." Mei dat boadskip kinne se de bewenners fan de twa strjitten lykwols net gerêststelle.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De bewenners hienen ferwachte dat se plannen te sjen krije soenen fan de wenten, mar Accolade is noch dwaande dy te meitsjen. Doel is wol om deselde soart wente del te setten, mar grutter, better isolearre en mei twa sliepkeamers op de boppeste etaazje.

Net in soad fertrouwen

De bewenners ha net in soad fertrouwen yn Accolade. Wat der ek út de stimming komt, Accolade sloopt de wenten dochs wol, sizze se. Ien fan de meiwurkers fan Accolade joech oan, dat as de bewenners tsjin renovaasje stimme, der de kommende jierren neat dien wurdt oan grut ûnderhâld. Letter wurdt opnij besjoen wat Accolade mei de wenten dwaan sil.
De meiwurkers fan Accolade joegen ek dúdlik oan dat nijbou foar elkenien folle better is, omdat de hierders der folle better isolearre wenten foar werom krije.