Krityk fan Crone, wurkjouwers en boeren op troanrede

Njonken wurdearring wiene der tiisdei yn Den Haag ek krityske reaksjes op de troanrede. Dy krityk kaam ûnder oare fan de boargemaster fan Ljouwert, wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW en boere-organisaasje LTO.
Ferd Crone
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is net tefreden. Ljouwert hat oprinnende tekoarten fanwege it sosjaal domein. "We hebben veel extra taken gekregen: jeugdzorg, ouderenzorg, werkloosheid. Daar krijgen we niet voldoende geld voor." De Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) fynt dat it Ryk gemeenten, dy't troch it sosjaal domein jildpine hawwe, temjitte komme moat.
Er staat nog steeds een enorme roze olifant op tafel: wie gaat dat betalen?
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert
Crone makket him ek soargen oer de ambysje om de wenningfoarried duorsumer te meitsjen. "Het kabinet heeft die plannen over Prinsjesdag heen getild, maar er staat nog steeds een enorme roze olifant op tafel: wie gaat dat betalen?" Crone is der net gerêst op. Wol stiet foar de boargemaster fêst dat de gemeenten dizze ûnbidige opjefte net sels bestuiverje kinne.

VNO-NCW: mear ynvestearje

Wurkjouwersfoarsitter Hans de Boer fan VNO-NCW fynt dat it kabinet wol wat mear ynvestearje mei no't it ekonomysk sa goed giet. Fral yn de ynfrastruktuer en it iepenbier ferfier moat ynvestearre wurde "om foar te kommen dat Nederlân fêstrint".
De Boer stiet fjouwerkant achter it pleit fan de provinsje Fryslân foar in flugge trein fan Ljouwert nei Den Haag. Dy treinreis duorret no noch ûngefear twa oeren en fjirtich minuten. Deputearre Johannes Kramer wol dêr graach ien oere en in kertier fan meitsje.
De troonrede is net als de zomer: mooi maar te droog.
Foarsitter Marc Calon fan de LTO

LTO teloarsteld

Foarsitter Marc Calon fan boere-organisaasje LTO is teloarsteld oer de troanrede, ek al wurdt de lânbou in pear kear neamd. "De troonrede is net als de zomer: mooi maar te droog", seit de boerefoarman. Calon freget it kabinet al in skoft om ûndersyksjild om de ikkerbou en melkfeehâlderij duorsumer te meitsjen. Dy stipe is hurd nedich, mar net tasein.
It kabinet komt wol mei jild foar in fûns dat jonge boeren helpe sil by it oernimmen fan bedriuwen. Wichtich foar de sektor, mar dat it fûns der komt wie al langer bekend.
VNO/NCW-foarsitter Hans de Boer oer de miljoenenota