Noch gjin strukturele oplossing foar kulturele briedplakken

18 sep 2018 - 20:44

Ljouwert hat noch wol kulturele briedplakken, neffens wethâlder Sjoerd Feitsma, mar der is wol in strukturele oplossing nedich, sadat dat oer in pear jier ek noch it gefal is. Dat sei er tiisdei yn Fryslân Hjoed. Neffens Feitsma is der net genôch romte yn de gemeente. "Yn de Westertsjerke bart no in soad, mar de gemeente beskikt net oer gebouwen dy't brûkt wurde kinne as kultureel briedplak, en hielendal net oer gebouwen dy't maklik tagonklik binne."

De kulturele wrâld yn Ljouwert makket him soargen oer de saneamde briedplakken. Op dy plakken binne ûnder oare de Ljouwerter festivals en it idee foar Kulturele Haadstêd ûntstien. Dy plakken binne der hieltyd minder. "We gaan geen supergoede nieuwe plek vinden, zoals de Blokhuispoort ooit was", seit Koen Haringa, inisjatyfnimmer fan it tydlike briedplak De Biergarten, "Dan hebben we wel een probleem. Je ziet collega's die ruimtegebrek hebben. Ze willen aan de slag, hebben weinig geld, maar wel goede ideeën. Het probleem is dat ze geen plek kunnen vinden."

Der bart mear, mar der is minder romte.

Wethâlder Sjoerd Feitsma oer de kulturele briedplakken

Wethâlder Sjoerd Feitsma seit dat de gemeente der eins itselde oer tinkt as de kulturele wrâld: "We sjogge dat der in soad kreativiteit is yn de stêd en yn Fryslân en dat dat no dreech in plak fine kin. Dat hat twa belangrike redenen: der bart folle mear as fiif, seis jier lyn. Dat is posityf, mar it betsjut ek dat der mear ferlet is fan romte. It twadde is dat dy romte just minder wurden is. Dat komt trochdat de ekonomy it goed docht: der steane minder winkels en skoallen leech."

It probleem is dus dat der gjin plak is dêr't 'makkers' teplak kinne. "In plak dêr't minsken komme kinne foar lege kosten en dêr't fan alles ûntstean kin", seit Feitsma. "Yn feite wat de Blokhúspoarte yn 2013 wie, mar dan op lytsere skaal."

Haringa kritysk op gemeente

De gemeente hat no in konsept-kadernota makke. Haringa is dêr bliid mei. "Het is een rode lap, waarbij de gemeente aantoont dat ze onze visie delen. Wij willen graag iets maken en presenteren, dus er is wel haast bij." Mar Haringa hat ek in krityske noat oer de kadernota: "Het is vreemd dat er erkend wordt dat de broedplaatsen sociaal en financieel iets opleveren, maar dat er ook wordt gezegd: het moet wel exploitabel zijn, dus we hebben hoge huren nodig. Daarmee schop je het hele concept onderuit."

(advertinsje)