Man swaait mei mes by de Potmarge yn Ljouwert
In 22-jierrige Ljouwerter is tiisdeitemiddei oanholden troch de plysje, nei't er op it Potmargepaad yn syn wenplak mei in mes swaaid hie. De man hie ferskate minsken bedrige en dêrby it mes toand.
De plysje hat de man ynsletten en docht fierder ûndersyk.