Van der Molen en Huitema posityf, Diks kritysk

Kening Willem-Alexander spruts yn de troanrede syn wurdearring út foar boeren, mar ek foar fiskers en túnkers dy't ûnder somtiden swiere omstannichheden soargje foar ús iten. De kening joech ek omtinken oan mienskip, in yn Fryslan net ûnbekend wurd.
Prinsjesdei en Fryslân
Twadde Keamerlid Harry van der Molen fûn it moai dat mienskip weromkaam yn de troanrede: "Uteinlik telt benammen hoe't wy mei-inoar omgean yn dit lân", sei de CDA'er. "Dat hat in soad te krijen mei wat wy oan de sosjale kant dogge. Dus ik fyn it moai dat de kening ek wat sei oer minsken dy't yn de knel sitte, dus minsken yn de skulden of âlderen dy't ekstra soarch nedich hawwe. Ik fûn it in moaie troanrede."
Harry van der Molen
Van der Molen wie ek bliid mei de wurden fan de kening foar de boeren: "Dat is in ûnderkenning dat net elke agrariër it maklik hat. Yn dit lân wurdt in soad kankere op ús boeren, mar dat is hiel faak ûnterjochte. Sy wurkje har út de naad, dus moai dat de kening dêr in komplimint foar makket."

Fûns foar jonge boeren

Yn it regearakkoart stie al it plan dat der in fûns komt foar jonge boeren, dy't it bedriuw fan har âlden oernimme wolle. "Finansjeel is dat hiel lestich", sei Van der Molen. "Mei dit fûns, dêr't in grut bedrach yn komt, kinne jonge boeren in start meitsje. Dat is foar ús provinsje hiel wichtich."
Dy wurden ûnderskreaun VVD-Europarlemintariër Jan Huitema út Makkingea: "De gemiddelde leeftyd yn de lânbousektor is heech. Net allinnich finansjeel, mar ek kwa regeljouwing is it belangryk dat der omtinken foar dit probleem komt, sadat in jonge boer daadwerklik it bedriuw oernimme kin."
Jan Huitema
Der wienen ek krityske lûden op de kabinetsplannen, bygelyks fan GrienLinks-Keamerlid Isabelle Diks út Ljouwert. "Zo'n menselijke troonrede was ook wel nodig, want de boodschap die financieel volgt was: dit kabinet is aan het werk voor het grote bedrijfsleven en niet voor het kleinere bedrijfsleven en het MKB."
Isabelle Diks
Dêrmei doelt Diks op de dividintbelesting, dy't it kabinet ôfskaffe wol. "In de zorg, in het onderwijs, bij de militairen, de politie, de buschauffeurs: heel veel mensen hebben abominabele arbeidsomstandigheden, in elk geval niet de beloning die erbij past. Maar het is blijkbaar geen enkel probleem om 2 miljard aan Shell en Unilever te geven. Dat verhaal is niet goed te verkopen, dus dat proberen ze nu in te pakken met een menselijke troonrede."