Reuzen kostje heal miljoen mear

18 sep 2018 - 17:46

De gemeente Ljouwert moat in heal miljoen euro ekstra bylizze foar it Reuzeprojekt fan Royal de Luxe yn it ramt fan Ljouwert Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd. Foar de feilichheidsmaatregels en oanpassings oan diken yn de stêd wie ekstra jild nedich: in lytse 5 ton. Dêrnjonken binne der ek tsjinfallende sponsorynkomsten. Dêrmei komt it totale tekoart út op hast in miljoen euro.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân ha ferline jier ôfpraat foar 3 miljoen euro garant te stean foar mooglike tekoarten yn de sponsoring. It bedrach soe dan ferparte wurde ûnder beide partijen. It ôfrûne jier is der lykwols in soad ekstra sponsorjild binnenkaam. It tekoart is dêrom oardel miljoen euro.

Om't de kaartferkeap goed ferrûn, binne der ek tafallers. Alles byinoar moat de gemeente in finansjeel gat fan hast 8,5 ton dekke. Neffens wethâlder Sjoerd Feitsma is dêr dekking foar yn de begrutting.

(advertinsje)
(advertinsje)