Boekedief mei net mear yn boekewinkels komme

18 sep 2018 - 16:56

In man út Easterwâlde mei net mear yn winkels komme dêr't se boeken, dvd's en cd's ferkeapje. De rjochtbank hat dat bepaald, omdat de man net los fertroud is yn sokke winkelsaken. Hy hat yn in soad winkels yn ûnder oare Snits, Drachten, Ljouwert en Harns guod stellen.

Foto: ANP Foto

De man hat in autistyske stoarnis en is neffens saakkundigen sa'n bytsje ferslave oan it stellen fan boeken. Syn hiele hûs stiet der fol mei. De fertochte is al faker feroardield. Hy hat ek in ankelbân om foar te kommen dat er de fout wer yn giet.

Njonken it winkelferbod krijt de man in wurkstraf. En hy moat him behannelje litte. De rjochter hat ek bepaald dat er de ankelbân hâlde moat.

(advertinsje)