Provinsje wiis mei miljoenenota: "Dit biedt kânsen foar Fryslân"

18 sep 2018 - 16:38

Provinsje Fryslân is wiis mei de miljoenenota, dy't tiisdei presintearre is yn Den Haach. Neffens deputearre Klaas Kielstra biedt it kânsen foar Fryslân om te profitearjen fan de opkommende ekonomy. It kabinet lûkt jild út foar it ferbinen fan lânbou en natoer, ynfrastruktuer, kultuer en de enerzjytransysje. Ek in leefber en fitaal plattelân stean op de aginda yn Den Haach. Kielstra is posityf: "In posityf lûd út Den Haach. Ek foar it plattelân. Dat hat wolris oars west. Dit biedt kânsen foar ús provinsje."

Foto: ANP Foto

Lânbou en natoer

It ferbinen fan lânbou en natoer past by de ambysje fan de provinsje om mear saneamde natoerynklusive lânbou te stimulearjen. Ek it probleem fan de bedriuwsopfolging yn de boeresektor wol it kabinet oanpakke. Boppedat hopet de provinsje dat de ekstra oandacht foar in fitaal en leefber plattelân him útbetellet yn in goede oanpak fan de befolkingskrimp.

Berikberens

De provinsje hat al in bestimming foar it ekstra jild dat it kabinet yn de ynfrastruktuer stekke wol. It ferbetterjen fan de ûnfeilige situaasje by de brêge oer de Skarster Rien yn de A6 en in rappere treinferbining mei de Rânestêd steane heech op it ferlanglistje.

Kultuer

De miljoenenota hat ek positive berjochten foar de kulturele sektor. Dêrtroch ûntstiet de mooglikheid om de enerzjy fan Kulturele Haadstêd fêst te hâlden nei 2018.

Nije banen

Fierder hopet de provinsje dat de enerzjytransysje nije banen opsmite sil. It hegere budzjet foar definsje kin mooglik goed útpakke foar de fleanbasis Ljouwert.

(advertinsje)