Grutskalige ynternetoplichting troch Hearrenfeanster

18 sep 2018 - 16:23

It Iepenbier Ministearje easket in healjier selstraf tsjin in 30-jierrige frou fan It Hearrenfean, dy't trije websjops en 46 partikulieren oplichte hat. Njonken dat healjier easket justysje ek noch acht moanne ûnder betingst.

In adresbalke - Foto: Shutterstock.com

Minsken besochten boeken en boartersguod by har te keapjen fia Marktplaats. By de advertinsjes op dy webside brûkte de frou falske nammen en net har eigen telefoannûmer. Allinnich it rekkennûmer wie echt. De 46 minsken dy't jild oermakken, krigen dêr neat foar werom.

Letter begûn se mei it oplichtsjen fan webwinkels mei poppe-artikelen. Se bestelde guod en joech adressen fan leechsteande wenningen troch. Letter feroare se dat yn in ôfhelplak fan de supermerk.

Spyt

De frou koe net by de rjochtsaak wêze, mar sei yn in brief dat se spyt hat. Se hie it oplichtsjen fan har man leard. De twa hienen finansjele problemen. De man wie earder al feroardiele ta fyftjin moanne selstraf, wêrfan fiif ûnder betingst.

Justysje wol dat de frou, njonken it útsitten fan de selstraf, tûzenen euro's oan skeafergoeding betellet oan de dupearren en 6.000 euro yllegale winst oan de steat.

Trefwurden: 
oplichting selstraf eask
(advertinsje)