Plan foar gerspaden begraafplak De Lemmer falt net yn goede ierde

18 sep 2018 - 15:28

In gewoane besuniging of in moai gebeart? Dat is de fraach by it plan fan de gemeente De Fryske Marren foar de Nieuwe Begraafplaats op De Lemmer. De gemeente wol dat alle paden ferdwine, sadat der oeral gers komt, Troch it begraafplak om te foarmjen, wurdt it werom yn oarspronklike steat brocht. Mar Wietze de Haan fan de pleatslike PvdA hat dêr syn twivels oer. "Neffens my is omfoarmje in oar wurd foar besunigje."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It argumint dat it begraafplak wer yn oarspronklike steat werombrocht wurdt, fynt De Haan net goed genôch. "De gemeente hat der yn de rin fan de jierren net foar neat grintpaden fan makke. Wy binne benaud dat de gerspaden benammen fan 't hjerst en yn de winter net goed begeanber binne."

Jou as gemeente earlik ta dat it om besunigings giet.

Wietze de Haan

Neffens de PvdA-man binne besunigings oanlieding foar it plan. "Mar sis dat dan earlik", fynt De Haan. Op boubuorden by it begraafplak wurde de plannen al oankundige oan de besikers. Dochs is alles noch net folslein yn kalk en semint, tinkt De Haan. "Wy freegje de gemeente om dizze plannen dochs noch in kear op 'e nij te besjen."

Wietze de Haan oer it begraafplak op De Lemmer

(advertinsje)