Bewenners yn aksje tsjin sloopplannen Accolade yn Drachten

Bewenners fan de Geelgorsstrjitte en de Noarderdwersfeart yn Drachten komme yn aksje tsjin de sloopplannen fan wenningkorporaasje Accolade. Dy wol de âlde hierwenningen út 1910 mooglik slope. Mar om dat te dwaan moat 70 prosint fan de bewenners foar de sloop stimme. Dat oantal liket der op dit stuit net te wêzen. Bewenners binne hiel bot tsjin de sloopplannen. "Wy ha altyd sein: wy wurde hjir âld. Mar dat wurdt ús no ûntnaam."
Bewenners yn aksje tsjin sloopplannen Accolade
Jetty de Haan is ien fan de bewenners dy't tsjin de sloopplannen is. "Wy ha al ús sparsinten yn it hûs stutsen", fertelt se. Sa waarden de sliepkeamers opknapt, de badkeamer, de wenkeamer en de tún. De tún liket yn de nijbouplannen in stik lytser te wurden en boppedat kin de auto net mear op it eigen hiem parkeard wurde.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Accolade hat 15 jier lang gjin kwaste mei ferve oanrekke. It liket nergens nei.
Bewenster Jetty de Haan
Jetty sjocht neat yn de nijbouplannen. "Wy wolle graach dat de hûzen renovearre wurde. As Accolade dat elk jier dien hie, dan wie dit noait gebeurd. Mar 15 jier lang is der noait wat dien. Se ha gjin kwaste ferve brûkt. It liket nergens nei! Mei de sloop giet der in prachtich âld stikje Drachten ferlern."
Wenningkorporaasje Accolade sil tiisdeitejûn yn in spesjale gearkomste de bewenners fierder útlis jaan oer de plannen.
Unrêst yn Drachten oer sloopplannen Accolade