Man (86) oanhâlden foar stellen fan salm en aaien
De plysje hat moandeitemiddei oan de Ekerstrjitte yn Ljouwert in 86-jierrige man oanhâlden foar winkelstellerij. De man hie ûnder oare salm en aaien by him, dêr't er net foar betelle hie. De plysje hat de man oanhâlden en in proses-ferbaal opmakke.
Earder op de dei waard der ek al in jong famke betrape op winkelstellerij. It 16-jierrige famke hie meardere sûkelarjerepen meinaam út de winkel. De plysje hat har oanhâlden en sil it famke trochferwize nei buro HALT.
Trefwurden:
plysje