De plysje hat moandeitejûn in 30-jierrige man oanhâlden om't er yn it iepenbier oan himsels siet. De plysje krige om alve oere hinne in melding fan tsjûgen dy't seagen dat de man himsels oan it befredigjen wie. Hy die dit yn de Wide Steech flakby de Foarstreek.
Doe't de aginten efkes letter by de strjitte oankamen, koene se him op de died betraapje. De man is meinaam nei it buro.