Nij Museumhûs yn Ljouwert siket frijwilligers

Altyd al frijwilliger wurde wollen yn in museum dêr't besikers oeral oan sitte meie? Museumhûs Van Eysinga yn Ljouwert siket gastfroulju en -manlju dy't de besikers wolkom hjitte wolle. Yn novimber iepenet it Museumhûs de doarren. Feriening Hendrick de Keyser is eigener fan it museum en siket entûsjaste frijwilligers.
© Google Maps
Museumhûs Van Eysinga is it fjirde hûs dat as Museumhûs har doarren foar besikers iepenet. Publyk mei oeral oankomme, laadsjes iepenlûke en yn de ferskate keamers sjen. Frijwilligers helpe aktyf mei yn it hûs, sadat it Museumhûs wer ta libben komt.
Om frijwilliger te wurden hoege minsken gjin spesifike ûnderfining te hawwen. Elkenien kin him opjaan. Op 4 en 8 oktober binne der ynformaasjebyienkomsten dêr't ynteressearre minsken fragen stelle kinne.
Feriening Hendrick de Keyser set him yn foar it behâld fan arsjitektoanyske of histoaryske gebouwen yn Nederlân. Yn de kommende jierren sille sa'n 35 huzen harren doarren iepenje as Museumhûs.