It Fochtelerfean giet ynkoarten op reis

18 sep 2018 - 12:41

Tsien keunsters binne frege om mei it Fochtelerfean as ynspiraasje printen te meitsjen. It resultaat is letter dit jier ek bûten De Fochtel te sjen.

Mei mar beheinde iepeningstiden, renomearre keunstners en in sterke ferbining mei natoergebiet it Fochtelerfean lûkt de tentoanstelling 'Verstild' yn ferhâlding bêst in soad minsken nei De Fochtel. Nei alle gedachten hawwe der ein septimber sa'n 1.200 minsken yn it sintrum foar de printkeunst west.

It sintrum foar de printkeunst op De Fochtel - Foto: Remco de Vries, Omrop

En dêrnei giet de tentoanstelling op reis nei It Amelân en Apeldoorn. En net allinnich de keunst ferhuzet. Der is in hûs hierd op It Amelân dêr't de frijwilligers ferbliuwe kinne sadat sy ek op It Amelân aktyf bliuwe kinne.

Ien fan de keunstwurken - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)