Tommy Speel nije technyske man by de UNIS Flyers

18 sep 2018 - 12:35

De eardere Nederlânske topiishockeyer Tommy Speel is oansteld as bestjoerslid technyske saken fan de UNIS Flyers. Hy is de opfolger fan Marcel Nijland en is no ferantwurdlik foar de gearstalling fan de seleksje, de technyske stêf en de trochstream fan de jeugdoplieding.

Foto: Nicolien Sijtsema

De 47-jierrige Speel sil fierder bouwe oan it fûnamint fan de UNIS Flyers, dat fan 2012 ôf lein is troch Marcel Nijland, syn broer Gert Nijland en Jan Janssen. Dat trijetal is no fuort. Tommy Speel hat lange tiid noch kontakt hân mei de Flyers, omdat syn soan yn de jeugdoplieding siet. Doe't bekend waard dat Marcel Nijland ophâlde soe, is Speel benadere.

De seleksje is yntusken rûn. Neffens Tommy Speel stiet de organisaasje goed. Meikoarten sil de nije man mei alle minsken binnen de klup prate oer de fierdere oanpak.

(advertinsje)