Nijntje yn it Biltsk

18 sep 2018 - 11:36

Nei Ljouwerters, Frysk, Siuwsk, Latyn en Twintsk, om mar in pear oersettingen te neamen, komt it bekende boek fan skriuwer Dick Bruna no ek yn it Biltsk út. Yn ''bep en pake pluis'' praat it ferneamde knyntsje en har famylje Biltsk. De oersetting is fan Sytse Buwalda en Leendert Ferwerda.

Foto: Bornmeer

De presintaasje fynt plak op freed 28 septimber, tagelyk mei de Antwerpske oersetting 'bompa en bomma pluis'. Der binne 300.000 boeken fan Nijntje yn streektalen ferkocht.

Trefwurden: 
Frysk Nijntje Biltsk
(advertinsje)