Soargen oer kulturele briedplakken yn Ljouwert

18 sep 2018 - 10:58

Hoe komt it mei de kulturele briedplakken yn Ljouwert? Hjir binne yn de kulturele wrâld grutte soargen oer. De Ljouwerter festivals, mar ek Kulturele Haadstêd binne op soksoarte fan plakken ûntstien. Ek al sitte we op it stuit middenyn it kulturele haadstêdjier, de ferskraling fan dizze briedplakken is al oan 'e gong.

De Blokhúspoarte brûsde foar de ferbouwing fan lytse kulturele ûndernimmers. De helte is no fuort troch hegere hieren en problemen mei de lêste saken fan de ferbouwing. Eksploitant BOEi werkent him lykwols net yn dizze konstatearring. Der binne mar in pear hierders minder, mar dat komt ek troch de biblioteek dy't der no is en it hostal Alibi dat 45 sellen ynnimt, neffens de organisaasje.

Fierders hiene tal fan keunstners plak yn de âlde LTS yn Nijlân, mar dy moasten der yn juny út. It gebou wurdt sloopt. In oar moetingsplak foar kreativelingen, it kafee by poppoadium Neushoorn, hat in pear moanne lyn de doarren sletten.

Gemeente

Wethâlder fan kultuer, Sjoerd Feitsma, werkent it probleem. Mar troch de oanlûkende ekonomy steane der minder plakken leech. Boppedat bart der op it kulturele mêd folle mear as foarôfgeande jierren. Hjirtroch ûntstiet krapte. "De gemeente kin net samar gebouwen tefoarskyn toverje." Ek wol de gemeente der net tefolle jild yn stekke. "It jild moat nei de kulturele sektor sels gean en net nei stiennen."

Der wurdt woansdei troch de gemeente praat oer de takomst fan kulturele briedplakken. Koen Haringa hat hjir net folle fertrouwen yn. Hy is inisjatyfnimmer fan it tydlike kulturele briedplak de Biergarten. "De gemeente zou het niet zelf moeten willen organiseren, maar juist ruimte moeten geven. Een gebouw dat de komende jaren leeg staat ter beschikking stellen. We weten dat het werkt. Kijk maar naar de Blokhuispoort."

"Nu of nooit''

Haringa drukt de gemeente op it hert om dit goed oan te pakken. "Dit is wel hét momentum om actie te ondernemen, ik hoop dat de gemeente dit inziet. Dat Leeuwarden en omgeving een plek wordt voor creatievelingen om zich blijvend te vestigingen na dit culturele hoofdstadjaar. Een schrijnend voorbeeld is wat er nu met de festivals aan de gang is, die aan het kijken zijn naar andere locaties."

Koen Haringa, inisjatyfnimmer fan de Biergarten

(advertinsje)