Motorrider ferwûne nei frontale botsing by Fryske Peallen
In motorrider is tiisdeitemoarn ferwûne rekke nei't er frontaal yn botsing kaam mei in auto op de Haarsterwei tusken Marum en Fryske Peallen. Troch de klap waard de motor folslein dûbelteard. De motorrider is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk hoe't it ûngelok barre koe.