Noardlike start Prinsjesdei yn Escher Paleis

18 sep 2018 - 10:18

Prinsjesdei stiet foar it grutste part yn it teken fan de troanrede en de milijoenenota. Dochs is it foar in soad politisy ek in dei om te lobbyen. Sa ek foar de politike delegaasje út it Noarden fan Nederlân. Sy begjinne de dei yn it Escher Paleis, dêr't ûnder oare kommissaris fan de Kening Arno Brok in wolkomstwurd docht. By de gearkomste binne de noardlike Steate- en Twadde Keamerleden.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It iepenbier ferfier is ien fan de haadûnderwerpen fan de dei, en dêr is deputearre Johannes Kramer mar wat wiis mei. "It kabinet hat mear jild te besteegjen en wy sizze fan út it Noarden dat wy graach sjen wolle nei in duorsum alternatyf foar de auto. Wat miskien ek in oplossing wêze kin foar de enoarme drokte yn de Rânestêd."

Neffens deputearre Kramer binne der krekt no goede opsjes om de problemen op te lossen. Hy tinkt dêrby oan in ekstra flugge trein, dy't benammen oan de 'rânen' fan de dei tusken de Rânestêd en it Noarden ride sil. "ProRail liket dêr wol klear foar te wêzen, en wy dogge hjir hjoed in lobby om dêrnjonken ek alles klear te krijen foar de ferbining tusken Amsterdam en Zwolle, en Amsterdam en Ljouwert. "Uteinlik soe de trein der fiif kertier oer dwaan moatte om fan Ljouwert nei it sintrum fan it lân te riden."

Kramer tinkt dat 2023 in goed streefjier wêze kin, om it folsleine projekt klear te krijen. Tusken no en dan is der lykwols noch wol wat wurk te dwaan. Sa moat de NS in nij systeem, ERTMS, ynfiere op de Hanzeline. Hjirmei kinne de treinen in topsnelheid fan 200 kilometer yn 'e oere berikke. "En dêrby moat de NS ek treinen keapje dy't dy snelheid oankinne", sa seit de deputearre.

Onno Falkena yn Den Haach

(advertinsje)