Ferwûne persoan by ûngelok nijbouhûs yn Goutum

18 sep 2018 - 09:31

By in ûngelok oan it Bouweslân yn Goutum is tiisdeitemoarn in persoan ferwûne rekke. It ûngelok barde by wurk oan in nijbouwenning. It slachtoffer is fan in hichte nei ûnderen fallen nei't de steger dêr't er op stie, it bejoech.

Meardere helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, wienen oproppen om it slachtoffer te helpen. Neffens tsjûgen is it slachtoffer nei stabilisaasje, mei spoed mei in ambulânse nei it sikehûs ta brocht.

Foto: Nick den Boer
Trefwurden: 
ûngelok Goutum
(advertinsje)
(advertinsje)