Kollum: "Fale is foarútgong"

18 sep 2018 - 07:30

"Neffens in ûndersyk fan in pear jier lyn stean de legere ambysjes fan sawol âlden as learkrêften de prestaasjes fan Fryske skoalbern yn 't paad. Dêrfandinne helje se in minder heech diploma yn it fuortset ûnderwiis as learlingen yn de rest fan it lân. Mei oare wurden: wy moatte de bern mear op 'e hûd sitte, mear fergje en mear fan harren freegje. Foldwaande of goed foldocht net, it moat perfekt wêze en der moat útblonken wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Dat proses begjint op 't heden by de pjutten. As de motoryk in bytsje achterbliuwt of it praten, of as de spulûntjouwing net neffens de rjochtlinen ferrint wurde de âlden op 'e hichte brocht en wurdt der aksje ûndernommen om it bern derby te skuorren. De latte wurdt heech lein, ek al binne se krapoan twa jier. Dat alle bern harren eigen tempo fan ûntwikkeling ha, telt net. Se moatte foldwaan oan it heechste, it bêste, it fluchste. De maatskippij wol winners ha, gjin ferliezers.

De druk dy't bern fan jongs ôf oplein wurdt, is grut. En dat hat in kearside. Want hieltyd mear ha lêst fan faaleangst. Se twivelje en fiele harren ûnwis. Aloan mear jeugd hat lêst fan depresjes en kampt mei tinzen oer selsmoard. Sels bern jonger as tsien jier. It útblinke moatten easket syn tol. Fale is gjin opsje. Mar seit it sprekwurd net dat je dingen krekt troch fallen en opstean leare moatte? Dat betsjut dat je as minske de romte krije moatte om fouten te meitsjen. Om te falen en dêr wizer fan te wurden.

J.K. Rowling, de skriuwster fan de Harry Potter-boeken, hat ris in taspraak foar Harvard-studinten hâlden mei de titel: 'De mearwearde fan falen'. Dêryn fertelt se dat falen de grûnslach foarme fan har lettere súkses. Dat it ûnmooglik is om te libjen sûnder datst ergens yn faalst. Dat as it dy de earste kear net slagget, datst it dan nochris besykje moatst, en nochris. En hieltyd op in bettere wize fale. In boadskip dy't wy neffens Rowling ek oan de bern meijaan moatte: fale jout dy earst miskien in kloategefoel, mar úteinlik kin it krekt goed foar dy wêze.

De Belgyske psychiater Lieve Swinnen seit dat wy it opgroeien wer besjen moatte as in proses mei as doel: letter dysels rêde kinne, wurk fine datst moai fynst en in noflik minske foar oaren wêze. En dat der op it paad dêrhinne romte wêze moat foar it besykjen, foar it ôftaasten fan grinzen, foar it meitsjen fan fouten en foar it fêststellen fan: 'Dit wie it net.'

Ik bin it folslein mei him iens. Wy leare it meast fan ús fouten. Dat jildt ek foar de bern. Fale stiet foar nije kânsen en progresje. Mei dy wittenskip yn de achterholle tink ik dat wy it hjir yn Fryslân sa raar noch net dogge. Legere ambysje kin ek romte jaan betsjutte. De romte om fouten te meitsjen. Om te falen. En om dêr wer fan te learen."

(advertinsje)