Striid om rjochten foar ekstra parkearplakken yn Harns

17 sep 2018 - 22:51

It Harnzer dûk-, bergings- en autostallingsbedriuw BDS fynt dat de gemeente Harns ferkeard hannele hat by de útjefte fan in fergunning foar parkearplak P3. Dat parkearterrein wurdt ynset op ekstra drokke dagen, bygelyks mei Oerol, as der in soad minsken nei Skylge gean. It bedriuw bepleite de saak moandeitejûn yn in harksit foar de beswierekommisje fan de gemeente.

It terrein fan Nesta yn Harns - Foto: Google Maps

De gemeente ferliende de fergunning foar parkearplak P3 oan skipfeartbedriuw Nesta Shipping, dat de ôfrûne fjouwer jier dy fergunning ek al hie. BDS is it dêr net mei iens.

BDS runt foar de gemeente al jierren in parkearterrein foar de brune float. Neffens direkteur André Borsch hat de gemeente sels it inisjatyf nommen om mei BDS te praten oer in ekstra parkearterrein, omdat it parkearterrein foar de brune float te lyts is op drokke dagen.

Wylst dy petearen noch rûnen, joech de gemeente sûnder oerlis en sûnder útlis de fergunning foar P3 dochs oan Nesta. BDS-direkteur Borsch snapt dêr neat fan. Hy freget de gemeente om ek BDS in fergunning te jaan, of yn elts gefal ekskuzen oan te bieden.

De beswierkommisje komt oer fjouwer wiken mei in advys foar it kolleezje fan B en W. It ferhaal oer P3 is it safolste haadstik yn de parkearsoap fan Harns. Ek oer it haadparkearplak P1 en it earste ekstra parkearplak P2 bestiet al jierren spul. De gemeente Harns woe moandei net op de saak reagearje.

Advokaat Femke Gietema fan it bedriuw BDS

(advertinsje)
(advertinsje)