Klaas Kielstra foardroegen as kandidaat-listlûker VVD
Deputearre Klaas Kielstra is foardroegen as kandidaat-listlûker foar de VVD by de Provinsjale Steateferkiezingen fan maart takom jier. Dat hat it bestjoer fan VVD-regio Noord-Nederland dien.
De leden fan de VVD moatte de kandidatuer fan Kielstra noch wol goedkarre. Yn teory kinne oaren har ek noch oanmelde as tsjinkandidaat.
It soe net foar it earst wêze dat Kielstra listlûker is foar syn partij. By de lêste provinsjale ferkiezingen, yn 2015, wie er dat ek. Doe helle de VVD 5 sitten. Yn Provinsjale Steaten sit de VVD yn in koälysje mei CDA, SP en FNP. Kielstra is deputearre en hat ûnder oare romtlike ûntjouwing, wenjen, toerisme en grûnbelied yn syn portefúlje.