Offenwier wol ôf fan autodrokte en freget Veilig Verkeer Nederland om help

Offenwier ropt de help yn fan Veilig Verkeer Nederland om wat te dwaan oan it groeiende tal auto's dat troch it doarp komt. Al jierren kleie de doarpsbewenners oer oerlêst troch it ferkear. Benammen de lêste twa jier is der in soad drokte bykaam, trochdat der mear toeristen nei de Snitser Mar gean. Dêrneist binne der in soad minsken dy't it doarp brûke as slûprûte de stêd út.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De ferkearskommisje fan it doarp makket him ek grutte soargen om de bou fan de nijbouwyk Houkepoort by Snits. Dat soe opnij foar mear slûpferkear soargje kinne.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De oplossing soe neffens de doarpsbewenners wêze dat der in ekstra ôftakking komt fan de rûnwei nei de Snitser Mar, sadat it ferkear net mear troch it doarp giet. Se hoopje dat Veilig Verkeer Nederland dêrby helpe kin.
Amerins van der Vlugt fan de ferkearskommisje
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Foar de simmer hat it doarp aksje fierd om omtinken te freegjen foar de ûnfeilige ferkearssitewaasje. Yn in oere tiid kamen der hûnderten auto's, frachtweinen, trekkers en kempers foarby. Mei de sifers yn de hân wolle se ek graach mei de gemeenteried om tafel.