Geert fileart #8: Werom- en foarútsjen

17 sep 2018 - 21:22

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

"It keatsseizoen 2018 sit derop. Tiid om efkes werom en foarút te sjen.

It seizoen waard sawol by de manlju as by de froulju dominearre troch ien partoer. By de manlju wie dat fansels it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Achttjin kear stienen sy yn de finale en trettjin kear gie de krâns om de nekke fan dizze trije keatsers. It is dan ek gjin wûnder dat sy it klassemint dominearje.

Triemstra kaam úteinlik as winner út de bus, troch yn in streekrjochte konfrontaasje op de Aldehoupartij syn maat Steenstra om de preemje te ferslaan. Triemstra pakt dêrmei al foar de sânde kear (!) yn syn karriêre it klassemint. Dit jier mei 58 punten. In geweldich moyenne. Hy ûnderstreket dêrmei de klasse keatser dy't hy is.

Triemstra hat de nedige problemen mei syn liif, mar de goede medisinen en in optimale libbenswize soargen derfoar dat de 35-jierrige Sint-Jabuorster keatser dit jier topfit wie. Taeke (no 738 punten) is noch altyd in genot om nei te sjen en let op: Hy wurdt de nije nûmer trije yn it klassemint fan alle tiden. Sake Saakstra (770 punten) en Wybren van Wieren (785 punten) witte dat sy foarby stutsen wurde sille troch dizze topper. Want salang keatst Taeke echt noch wol troch. Noch 47, of leaver noch: 48 punten te gean. It kin yn ien seizoen helle wurde.

Foar Steenstra, ferline jier noch dield klassemintswinner, wienen de druven wat soer. It ferlies op de Aldehoupartij wie dochs wol in tikje. Der optimaal wêze as it derom giet is normaal sprutsen in kwaliteit fan Tjisse, mar dit jier wie dat twa kear net it gefal: yn de finale fan de PC en om de preemje op de Aldehoupartij. Djoere misserkes yn in fierder geweldich seizoen foar de rising star út Bitgummole. Hy is it boechbyld fan de takomst, mar moast dit seizoen dochs noch efkes bûge foar Kening Triemstra.

Gert-Anne van der Bos besleat in roerich seizoen dochs noch mei in tredde plak en dat betsjut al foar de tsiende kear yn syn keatskarriêre op rige in plak yn de top trije! Dat is net mislik. De opslagger hat yn de 'pikorde' in fear litte moatten, mar skikt him yn syn rol en is mei sokke maten fansels hast fersekere fan sukses, al moat der wol by sein wurde dat Gert-Anne yn de twadde helte fan it seizoen konstanter begûn te wurden. It bliuwt foar my wol de fraach hoe lang Van der Bos dy ûnderhearrige rol spylje wol. Mar foarearst bliuwe de trije by elkoar (sukses is as balsem foar liif, geast en beurs) en de konkurrinsje moat der mar tsjinoan.

Dy konkurrinsje moat dan nei alle gedachten benammen komme fan Hans Wassenaar. Ek dit seizoen hat hy syn ambysjes ('de oranje shirts moatte der ôf keatst wurde') net echt wiermeitsje kinnen. Mei Enno Kingma en Renze Hiemstra binne der te min oerwinningen (fjouwer) helle om fan in suksesfol seizoen te praten. Hans Wassenaar moat takom jier mear dwaan as dit jier, oars krijt hy it predikaat 'ivich talint', al is dat foar in keatser mei it klaverke fjouwer yn syn besit fansels net in hiel terjochte kwalifikaasje. Mar hy wit sels ek dat it dit seizoen te min wie. Mei Marten Bergsma as nije opslagger sil der grif hoop op bettere tiden wêze. Lit it mar sjen, jonges.

By de froulju wie it allegear noch tinner as by de manlju. Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnja en Manon Scheepstra wienen by far de bêsten. Al dienen de susters Sybrandy en Marrit Zeinstra noch sa har bêst, sy moasten úteinlik dúdlik de meardere erkenne yn de konkurrinten. Scheepstra is de klassemintswinneres mei 65 punten. In sieraad foar it frouljuskeatsen, dat yn de breedte o sa smel is.

Twa toppartoeren, dan in skoft neat en dan de rêst. Soarchlik! Wiljo Sybrandy hâldt der mei op; sy kiest foar de maatskiplike karriêre. Sy sil libje moatte mei it idee dat sy noait de PC winne kinnen hat. Ik haw it idee dat soks by Wiljo wol slagje sil, al bliuwt it spitich foar in keatster fan har klasse. Mar je krije ek yn de keatssport no ienris lang net altyd wêr't je op hoopje. Freegje dat bygelyks mar ris oan Gerben Okkinga.

As je sa de hichtepunten in bytsje oereagje, dan soenen je it gefoel krije kinne dat it mei it keatsen foar wûnder giet. Mar neat is minder wier. Lykas sein: de top is sawol by de manlju as de froulju te smel, de publike belangstelling nimt noch altyd ôf en de belibbing is soms fier te sykjen. It wie bepaald net altyd in 'pretje' op de keatsfjilden. Boppedat liket de solidariteit ûnder ferieningen rjochting KNKB ôf te nimmen. Leden wurde feroare yn donateurs, sadat der gjin ôfdracht oan it keatsbûn plak hoecht te finen. Tsja, dat is de dea yn de pot fansels.

Der moatte maatregels komme en rap in bytsje. Ik hoopje dat de bestjoerders en direksje fan de KNKB dat no sa ûnderwilens wol yn it snotsje hawwe. It is twa minuten foar tolve. Aksje yn de tinte!

Mear elan. Tink iepen en hannelje dêrnei. Net te benaud wêze om troch te pakken. Nim it listje fan de groep-Johan Okkinga derby en je hawwe al in oantal saken dy't foar ferbettering soargje sille. Ynfiere dy hap!

En ik wit dat de ranking by de KNKB-jonges en -fankes hillich is, mar dy moat op de skeppe. Yndividuele keatsers krije troch dat it partoerpuntesysteem fierstente min kânsen om har ek op it heechste nivo te ûntwikkeljen. Dus pleitsje ik nochris om dy ranking fan tafel te heljen. Fuort dermei en de plannen fan groep-Okkinga oppakke. Dy hawwe ek wol nammen fan ûnôfhinklike, kundige TC-leden op papier. Meie se by de KNKB grif wol brûke. Dan wurde de keatsers net mear oanstjoerd troch in kompjûter, mar troch minsken. Dat past folle better by dizze lytse sport.

En oer brûken sprutsen: as jo no mannen as Okkinga, Brandsma, Bleeker en Vlietstra en kundige TC-leden brûke wolle yn de takomst: brûk se dan goed. En set se net fuort yn it logge, sjerpige (kommisje)systeem dat KNKB hjit. Dan wurde se wei. Jou se de romte. Jou se ferantwurdlikens. We hawwe se mear as nedich.

By LKC Sonnenborgh sit no in oantal ambisjeuze jonge bestjoerders. Under lieding fan foarsitter Karel Nijman brûze dy mannen fan enerzjy. De Aldehoupartij moat werom nei de snein, fine sy. En dat fyn ik ek. De LKC-mannen tinke dat soks ek barre sil, mar yn de foarlopige aginda stiet de partij noch op sneon! Wês wach, mannen fan LKC!

Yn dy aginda stean ek wer kwealik trochelkoar lotterspartijen. Ek dat moat oars, want dan jouwe jo ek de oankommende talinten de kâns op sukses. Sjoch mar nei de lêste twa partijen fan dit seizoen. O sa belangryk om dy jonge keatsers derby te hâlden. En yn kombinaasje mei de nije junioarekompetysje soe dat wolris hiel goed útpakke kinne. En o ja: wa't op nivo keatse wol, hat ek ferplichtingen. Dus de frijbliuwendheid moat der ek efkes út. "Logisch", soe Johan Cruijff sizze.

Ik bin benijd hoe slachfeardich de KNKB-bestjoerders en -direkteur (oant no ta nochal 'flets' de earste 9 moanne) de kommende moannen wêze sille. Wy sille se folgje en ek yn de wintermoannen, as it nedich is, ûnder it fergrutglês fan Geert fileart lizze."

Trefwurden: 
keatsen Geert fileart
(advertinsje)
(advertinsje)