Earste ferlies foar Jong SC Hearrenfean

Jong SC Hearrenfean hat moandei foar it earst dit seizoen ferlern. Nei twa oerwinningen gienen de Feansters yn de tredde kompetysjewedstriid mei 5-1 ûnderút op besite by Jong NEC.
Rodney Kongolo yn in eardere wedstriid © www.orange-pictures.nl
De wedstriid begûn noch wol goed foar de Friezen. Rodney Kongolo sette Jong SC Hearrenfean nei in lyts healoere op 0-1. Tsien minuten letter makke Morad el Haddouti lykwols alwer de lykmakker.
Dyselde El Haddouti die Hearrenfean yn de twadde helte mear pine: mei nochris twa goals sette er Jong NEC op 3-1. Ald-Cambuurspiler Mart Dijkstra makke der in kertier foar tiid noch 4-1 fan en Hicham Haouat bepaalde de einstân yn de lêste minút op 5-1.