Cambuurbeloften pakke earste punten tsjin Jong Twente

17 sep 2018 - 20:33

De beloften van SC Cambuur ha moandei har earste punten fan it seizoen pakt. Yn it Cambuurstadion wûnen de Ljouwerters mei 2-1 fan Jong FC Twente.

Nigel Robertha yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Nigel Robertha sette Cambuur yn de earste helte op foarsprong. Nei it skoft ferdûbele Tyrone Conraad de marzje.

Pas yn de slotfaze koe de ploech út Enschede wat weromdwaan. Michaël Maria skoarde, mar Cambuur liet it net fierder komme: it bleau 2-1.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)