Drachtster (20) krijt maksimale wurkstraf fan 240 oeren

In 20-jierrige ynwenner fan Drachten krijt de maksimale wurkstraf fan 240 oere foar it ynbrekken en it ferkeapjen fan stellen guod. De man ferkocht ûnder oaren in stellen VW Golf, ark en falske merkklean. Ek waard er pakt foar in ynbraak yn in gebou fan Steatsboskbehear yn Drinte.
© Omrop Fryslân
De heit fan de Drachtster die úteinlik oanjefte tsjin syn soan. Doel wie dat de jonge ôfkicke soe fan syn speedferslaving. Neffens eigen sizzen is er ôfkickt. Fan de rjochter krige de man it foardiel fan de twivel.
Njonken de wurkstraf kriget er fjouwer moanne selstraf ûnder betingst. Oan Steatsboskbehear moat er boppedat in skeafergoeding fan 514 euro betelje. De eigener fan de auto krijt 3000 euro fan de Drachtster.