Provinsje siket digitale wyldspotters

De provinsje Fryslân siket frijwilligers dy't meihelpe wolle om it wyld yn de provinsje te tellen. Dat hoecht net mear mei de waarme jas oan yn de natuer, mar kin gewoan fan efter de kompjûter. By 15 faunapassaazjes hingje nammentik kamera's. Op de webside wildspotter.nl kin elkenien dy't dat wol meihelpe om de bisten te tellen.
Reahart © Shutterstock.com
Yn de takomst wol de provinsje by mear faunapassaazjes kamera's sette. Deputearre Johannes Kramer: "Wy helje in soad ynformaasje út de risseltaten fan it wyldspotten. Bygelyks hokker bisten gebrûk meitsje fan de faunapassaazjes en hoefaak. Sa witte wy ek oft de faunapassaazjes wurkje of dat hja oanpast wurde moatte."
As jo wyld sjen wolle, moatte jo it fjild ek rûke kinne.
Jager Siebren Siebenga
Net elkenien is like entûsjast oer de nije wize fan wyldspotten. "As jo wyld sjen wolle, moatte jo it fjild ek rûke kinne", fynt jager Siebren Siebenga. "As jagers binne wy faak yn it fjild en kinne wy de bisten. In soad minsken belibje dat net. It is wol in goede wize om minsken yn 'e kunde komme te litten mei de natuer. Mar better noch is it dat se echt it fjild yn gean."
It tal bisten dat teld wurdt is in ôfspegeling fan de kwaliteit fan it miljeu. Dêrom is it wichtich dat it wyld teld wurdt.
Jager Siebren Siebenga