Túnambassadeurs oan de slach yn Smellingerlân

17 sep 2018 - 18:14

Tunen binne grien en stean fol blommen. Sa sjogge we it graach. De realiteit is lykwols faak oars: in soad tunen binne griis en fakkundich ticht tegele. Meastentiids hat dat mei gemak te meitsjen: yn sa'n betontún kinne je wol lekker sitte, mar dy freget kwealik ûnderhâld. De gemeente Smellingerlân wol graach dat tunen wer griener en natuerliker wurde.

Túnambassadeur Jolanda Booij en Date de Vries fan de gemeente Smellingerlân by in moai foarbyld fan in griene partikuliere tún - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Net allinnich om't soks moaier is, mar om't it bydraacht oan de biodiversiteit en in bettere ôfwettering. Sels besiket Smellingerlân it goeie foarbyld te jaan troch oeral yn de iepenbiere romte grien ta te passen dêr't it kin.

Partikulieren

Mei spesjale túnambassadeurs wolle se no ek partikulieren bystean. Dizze ambassadeurs hawwe perfoarst net as taak om minsken oan te sprekken dy't sa'n betontún ha.

Ferslachjouwer René Koster wie by túnambassadeurs

Neffens Date de Vries fan de gemeente Smellingerlân kiest de gemeente krekt foar de positive benadering: "Wy biede ynwenners oan mei te tinken oer de optimale yndieling fan de tún." Nije ynwenners wurde mei in folder wiisd op dizze mooglikheid en ek fia de gemeenteside yn de krante wol de gemeente ynwenners derroer ynformearje.

It inisjatyf yn Smellingerlân makket diel út fan de lanlike aksje "Operatie Steenbreek".

(advertinsje)
(advertinsje)