Sportoersjoch: Harkemase Boys wint yn Snits en de earste Dumfries Award

17 sep 2018 - 18:06

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Diskear skoot sportferslachjouwer Roelof de Vries oan.

It giet noch net sa goed mei Sportklup Hearrenfean. Yn de lêste twa thúswedstriden krige de ploech fan Jan Olde Riekerink tsien goals tsjin. Ferdigener Dave Bulthuis komt oan it wurd.

Sylster Marit Bouwmeester hat har yn Japan pleatst foar de Olympyske Spelen fan 2020. Dat die se op it wetter dêr't oer twa jier ek de olympyske medaljes ferdield wurde. Goede foartekens dus.

Harkemase Boys mei himsels in healjier de bêste amateurklup fan Fryslân neame. Yn de heechst spile Fryske derby dit jier wûnen de Harkiten mei 1-2 by ONS Snits. En ONS-trainer Paul Raveneau wint de earste Dumfries Award.

Fierder omtinken foar darter Danny Noppert, dy't yn Dútslân fan ferskate toppers wûn en him pleatste foar de World Grand Prix yn Dublin.

Trefwurden: 
Sportoersjoch
(advertinsje)
(advertinsje)