FNP Achtkarspelen hat noed oer takomst kollektive soarchfersekering

De FNP yn de gemeente Achtkarspelen makket him soargen oer de takomst fan de kollektive soarchfersekering.
Minister Bruno Bruins fan Medyske Soarch wol foar 2020 in ein meitsje oan dy regelingen. Ferskate soarchfersekerders ha al sein dat se der mei yngong fan jannewaris takom jier mei ophâlde wolle.
De FNP yn Achtkarspelen wol witte oft dat ek gefolgen hat foar de kollektive soarchfersekering, dy't de gemeente Achtkarspelen ôfsletten hat foar minsken mei in lytse beurs. En as dat sa is, dan wol de FNP witte oft de gemeente ek plannen hat foar oanpaste regelingen, lykas in eigen gemeentlike regeling.