UNIS Flyers tsjin HIJS Hokij is 'Wedstriid fan de wike'

17 sep 2018 - 17:20

De twadde 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân is it iishockeyduel tusken de UNIS Flyers en HIJS Hokij út Den Haach. Sneontejûn om 20.00 oere spylje sy op Thialf om de Ron Bertelingskaal, de supercup fan it iishockey.

Foto: Omrop Fryslân

"De UNIS Flyers hawwe de Ron Bertelingskaal noch nea wûn, nettsjinsteande meardere kearen yn de finale", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Boppedat hawwe de Feansters noch in rekken iepenstean mei HIJS Hokij, want ferline jier wûn dy ploech alle wichtige prizen. Dus rekkenje der mar op dat de UNIS Flyers sneon wat sjen litte wolle!"

Angstgegner

HIJS Hokij mei in 'angstgegner' neamd wurde foar de UNIS Flyers. Ferline seizoen ferlearen de Feansters sawol de bekerfinale, de wedstriid om de Nederlânske titel as it duel om it kampioenskip yn de BeNe-league fan de ploech út Den Haag. Slagget it de ploech fan trainer Mike Nason no wól om HIJS Hokij te ferslaan?

Omrop Fryslân stjoert de wedstriid sneontejûn 20.00 oere live út op de webside en yn de Omrop-app.

Omrop Fryslân docht tenei de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)