Soroptimisten helje 40.000 euro op foar skoalle yn Nepal

De Soroptimisten fierden ôfrûne wykein har 90ste jierdei yn Ljouwert. It ynternasjonale frouljusnetwurk hie in gearkomste yn Ljouwert en sammele jild yn foar de bou fan in skoalle yn Nepal. Der wienen 500 froulju.
Evelien Hölsken (links) mei organisator Riek van der Vlag (rjochts) © Omrop Fryslân
De skoalle is foar famkes dy't rêden binne út de prositúsje en komt der troch it jild fan de Soroptimisten. De famkes kinne der in juridyske oplieding folgje.